Ferslach strjittekeatsen
By de kabouter wienen d´r 4 bern en hawwe wy 3 x lotte. De earste partij eindige mei 5-2 ; de twadde partij wie in stik spannender, it waard 5 earsten gelyk. By de tredde partij wie it wer spannend en waard it 5-4. Dernei moasten d´r earsten telt wurden, der wie mar ien dy´t alles wûn hie, dat wie Hidde Wiersma. Hy gie dertroch foar it earst mei de krânse nei hûs! Op it twadde plak eindige Tjitte Reitsma. By de welpen-pupillen stienen d´r 12 bern op strjitte! D´r waard keatst yn 2 poules mei elk 3 partoer. Yn poule 1 waard de winner fan de poule partoer 3 mei Jeen Arendz en Willem Reitsma, 2e yn de poule waarden Ignas Dijkstra en Nick Visser (2). Yn poule 2 waard partoer 6 mei Rutger Fopma en Hendrik Wiedijk earste en twadde waarden Jouke Wiersma en Thom Paternotte (5) . Om de tredde of neat keatsten dus it partoer 2 tsjin 5. Partoer 2 mei Ignas en Nick mochten mei de 3e priis nei hûs. Nei de finale mocht partoer 6 mei Rutger F. en Hendrik W. de krânse mei nei hûs nimme, de 2e priis wie dus foar nûmer 3, Jeen en Willem. Nammens it JK fan JK, Nynke Wiedijk-Gierman
Geplaatst op 03 July 2013